Goutumer motorrider ûnderút

30 maaie 2014 - 11:40
  • De motor waard út de sleat takele troch bergingsbedriuw Tolman

In motorrider (22) út Goutum is tongersdeitemiddei ferwûne rekke doe't er mei syn motor ûnderút gie op de ôfrit fan de Wâldwei by Drachten. De man rekke mei syn motor yn de slip en ferlear dêrby de kontrôle. Hy gie ûnderút en bedarre lang om let mei de motor yn it wetter njonken de dyk.

In omstanner helle it slachtoffer út it wetter, wêrnei't er mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht is. In bergingsbedriuw helle de motor út de sleat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)