Goutum ferdield oer 'knip'

12 des 2010 - 14:37
  • Goutum wol net midstwa knipt wurde

Goutum is ferdield oer it plan fan de gemeente Ljouwert om in dyk yn it doarp ôf te sluten om sa slûpferkear tsjin te gean. Doarpsbelang en gemeente hawwe mei-inoar oerlein om in oplossing te finen foar it probleem.

Foar it plan fiele guon ynwenners neat, omdat it doarp sa yn twaen knipt wurdt. Ynwenners kinne dan net mear fan de iene kant fan it doarp nei de oare kant ride. Dêrfoar moatte se dan in pear kilometer mei de auto omride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)