Goudskat fan Wiuwert yn nije útstalling Fries Museum te sjen

12 apr 2015 - 10:54

De goudskat fan Wiuwert komt werom nei Fryslân. De skat, besteande út 39 gouden stikken út de midsieuwen, wurdt troch it Rijksmuseum van Oudheden útliend oan it Fries Museum. Fan 6 juny ôf is dêr in grutte tentoanstelling oer de terpeskiednis: 'Goud - gevonden schatten uit de Middeleeuwen'.

In opfallende fynst yn de terp fan Hegebeintum wie it skelet fan in frou út de 7e ieu, dy't begroeven wie yn de stam fan in útholde beam. Fan dizze 'boomkistdame' wurdt yn Amsterdam in gesichtsrekonstruksje makke dy't by de tentoanstelling te sjen is.

Oare hichtepunten binne de goudskat fan Dronryp, de fibula fan Winaam en in gouden gesp dy't foar it earst toand wurdt. De tentoanstelling duorret oant en mei 3 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)