Gouden sneon foar ONS

30 mrt 2013 - 21:16
  • ONS wint fan Flevo Boys
  • ONS wint fan Flevo Boys
  • ONS wint fan Flevo Boys

Koprinner ONS Boso Snits hie in poerbêste sneon. De ploech fan trainer Jan Vlap wûn sneontejûn mei 4-1 fan Flevo Boys en wist doe al dat SVZW en Berkum, de nûmers twa en trije, har wedstriid op de middei ferlern hiene. Yn de 4e minút sette Martijn Roosenburg ONS op foarsprong. Jurjen Bosch ferdûbele healwei de earste helte de marzje. De moaiste goal op it Sudersportpark kaam fan de foet fan Harvey de Boer yn de 50e minút. Chris de Wagt makke de fjirde Snitser treffer. Yn de ekstra tiid foel de goal fan Jarno van der Wal fan Flevo Boys.

ONS hat no 42 punten út 20 wedstriden. SVZW út Wierden folget mei 36 út 21 wedstriden. Berkum is de nûmer trije mei 33 út 21. Yn de haadklasse C moatte 26 wedstriden spile wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)