Gouden oefening Epke yn finale

24 okt 2010 - 17:08
  • Epke Zonderland (argyffoto)

Epke Zonderland hat snein yn de finale in fantastyske oefening dien op it rek. Hy makke gjin inkele fout en die yngewikkelde kombinaasjes en hie in perfekte ôfsprong. Alle flechteleminten wiene slagge. De sjuery joech in skoare fan 16.033.

It publyk yn de hal fan it WK yn Rotterdam wie hiel entûsjast oer de prestaasje fan De Lemster. Epke syn famylje wie út de skroeven, krekt as kroanprins Willem-Alexander en prinses Máxima.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)