Gouden NL-Award foar Omrop

13 mrt 2013 - 19:45
  • NL-Award foar Hea!
  • Janko Krist en Margreet HIemstra fan Hea!
  • NL Award skûtsjesilen

De allerbêste regionale televyzjereportaazje fan Nederlân yn 2012 is makke troch Omrop Fryslân. Dat fynt de sjuery, dy't de Omrop woansdei bekroande mei in gouden NL-Award, foar in reportaazje út Hea oer de lêste alvestêdefytser fan 2012. 'Briljant in al zijn eenvoud', sei de sjuery oer it item: 'Respectvol gemaakt.'

Televyzjemakker Janko Krist krige earst al in 'gewoane' NL-Award foar dit item. Ek it jierlikse ferslach fan it skûtsjesilen krige in NL-Award. De NL-Awards binne de belangrykste prizen foar regionale omroppen yn Nederlân.

By de gouden NL-Award heart in jildbedrach fan 2500 euro. It wie foar de alfde kear dat de NL-Awards útrikt waarden. Omrop Fryslân wie dit jier fiif kear nomineard foar in NL-Award.

De winners fan de NL-Award yn de ferskate kategoryen:
Radio nijs RTV Rijnmond – Odfjell, van stilhouden tot stilleggen
TV nijs: RTV Noord – Noord Vandaag
Radio eftergrûn: RTV Drenthe – Nog 1 keer terug naar Nieuwlande
TV eftergrûn: RTV Noord – Het drama van Haren
Radio faria: Omroep Zeeland – Beste Zeeuwse Cover van 2012
TV faria: Omrop Fryslân – Hea!: De lêste fytser
Eveneminten: Omrop Fryslân – Skûtsjesilen 2012
RTV dokumintêre: Omroep Brabant – Daten in de dancing
Crossmediale produksjes: L1 – Limburgs Vastelaovesleedjes Konkoer
Gouden NL-Award: Omrop Fryslân – Hea!: De lêste fytser

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)