Gouden ketting fan hals skuord

23 jul 2013 - 12:35
  • Plysje-embleem

In 64-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn mei geweld fan syn ketting berôve. De man rûn mei de fyts oan de hân troch de Balidwersstrjitte doe't in ûnbekende man him oanspruts. Ynienen treau de man de Ljouwerter mei fyts en al om en luts him de gouden ketting fan de hals. De Ljouwerter rekke licht ferwûne by de berôving.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)