Gouden keallen foar film 'Nynke'

29 sep 2001 - 00:00

De Fryske film 'Nynke' hat freed op de Nederlânske filmdagen yn Utert twa gouden keallen bemachtige. De film giet oer it libben fan skriuwster Nynke fan Hichtum, dy't troud wie mei de soasjalist Piter Jelles Troelstra.

'Nynke' krige de keallen foar bêste film en foar bêste aktrise: Monic Hendrickx. Sy komt oarspronklik út Brabân, mar hat spesjaal foar 'Nynke' Frysk leard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)