Gouden finylmiddei by de Omrop

20 apr 2014 - 09:27
  • Harm Weistra draait platen op de finylmiddei
  • Bauke Algera op de finylmiddei

Yn it ramt fan it Nostalgywykein hat Omrop Fryslân sneintemiddei 'De Gouden Finylmiddei'. Tema fan it Nostalgywykein is dit jier 'De Jierren'70'. Presintator Harm Weistra hat spesjaal dêrfoar in âlde platespiler yn de studio klearstean, om orizjinele albums út de jierren 1970-1979 draaie te kinnen. Gewoanwei komt alle muzyk wilens radioprogramma's út de kompjûter. Sels CD's binne al hast net mear yn de studio te finen.

Wa't bysûndere LP's út de jierren '70 hat, is sneintemiddei wolkom. Folle mear dêroer is sneintemiddei te hearren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)