Gouden fibula fûn by Blije

17 nov 2009 - 14:16
  • De fibula dy't by Blije fûn is

By Blije is koartlyn in gouden fibula fûn. Neffens Evert Kramer fan it Fries Museum datearret de mantelspjelde út de 12e ieu. It is in bysûnder geef eksimplaar, yn syn soart de twadde dy't oait yn Europa fûn is. De finer, Wytse Tjepkema (26) fan Blije, hat de spjelde oan it Fries Museum oanbean.

De fibula hat mooglik eigendom west fan in bewenner fan it âlde kleaster Claercamp. Tjepkema fûn de spjelde mei syn detektor. De wearde leit op inkele tûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)