Gouden Bal is foar Janine Smit

11 feb 2012 - 16:46

Janine Smit fan It Hearrenfean is sneon de winneres wurden fan de Gouden Bal. Foar it earst sûnt 1997 waard dizze ferneamde koartebaan wedstriid yn de Prinsetún wer ferriden. Smit wûn al har trije finaleritten en wie de rapste fan de 22 dielnimmers. Twadde waard Leslie Koen út Giethoorn. Floor van den Brandt út Oranjewâld einige op it tredde plak, folge troch Bente van den Berge út Ljouwert.

Smit folget âld-winnares Annamarie Thomas op, dy't fyftjin jier lyn de priis wûn. De bal giet mei nei It Hearrenfean, dêr't er in moai plakje krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)