Goud Tuitert op 1500 meter

21 feb 2010 - 09:27

Reedrider Mark Tuitert hat sneon op de Olympyske Spelen yn Vancouver ferrassend goud wûn op de 1500 meter. Hy wie in heale sekonde flugger as de topfavoryt, de Amerikaan Shani Davis. It is 38 jier lyn dat in Nederlanner goud wûn op 1500 meter.

De oare Nederlanners bleaune bûten it poadium. Simon Kuipers einige as 7e, Sven Kramer waard 13e en Stefan Groothuis helle in 16e plak. Kramer reagearre sels teloarsteld, mar wol him no rjochtsje op de 10 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)