Goud by ploege-achterfolging

15 mrt 2014 - 17:51
  • Douwe de Vries

De Nederlânske manlju mei Douwe de Vries, Jan Blokhuijsen en Christijn Groeneveld hawwe sneon de fyfde wrâldbekertitel ploege-achterfolging pakt. Yn de finale sette it trijetal op it iis fan Thialf in winnende tiid fan 3.45.00 op it boerd. Dêrmei wie Nederlân krekt rapper as Poalen, dat 3.45.72 klokte. Noarwegen waard tredde yn in tiid fan 3.50.08 en ferwiisde Amearika (3.56.54) dêrmei nei it fjirde plak yn de finale.

Yn it einklassemint stuts Nederlân der mei kop en skouders boppeút. De Nederlânske manlju sammelen yn de wrâldbekerwedstriden 450 punten, goed foar de fyfde wrâldbekertitel. Amearika pakte it sulver mei 280 punten, folge troch Noarwegen dat mei 270 punten it brûns pakte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)