Goud manlju op achterfolging

17 nov 2012 - 18:02
  • De achterfolging gie goed, mar einige mei ûngemak

Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen ha sneon de ploege-achterfolging wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Yn de lêste rit sette it trijetal in tiid fan 3.39.76 op de klok. Dat wie in baanrekôr en aardich rapper as de twadde tiid fan it Russyske team dat 3.42.90 notearre. Koreä waard tredde mei 3.43.57.

Nei ôfrin fan de wedstriid ferdwûn Sven Kramer fuortendaliks nei de klaaikeamer. Yn de lêste ronde waard hy op syn skynbonke rekke troch de reed fan Verweij. It akkefytsje hie gelokkich gjin earnstige gefolgen foar Kramer.

De massastart by de froulju waard wûn troch Mariska Huisman. Yn de minymaraton oer 6 kilometer bleau Huisman, de winneres fan de wrâldbeker massastart fan it ôfrûne seizoen, Jorien ter Mors krekt foar. Claudia Pechstein waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)