Goud Huizenga yn Apeldoorn

27 des 2013 - 23:19
  • Jenning Huizenga

Jenning Huizenga is opnij Nederlânsk kampioen op de yndividuele efterfolging wurden. Op de baan fan Apeldoorn wie de âld-Frjentsjerter yn de kwalifikaasje fierwei de bêste. Yn de finale tsjin Dion Beukeboom kaam it oan op de lêste omlopen. Dêryn wie Huizenga sterk. It is syn fjirde nasjonale titel op de baan. Huizenga giet no fierder rjochting it WK yn Cali yn Kolombia. Dat WK begjint ein febrewaris 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)