Goud foar Soet, Steigenga twad

25 jun 2014 - 16:34
  • Aafke Soet

Aafke Soet fan It Hearrenfean is yn Zaltbommel Nederlânsk kampioen tiidriden wurden. It 16-jierrige talint op de fyts en op redens krige Chanella Stougje fan Zuidland en Jeanne Korevaar fan Groot Ammers by har op it poadium. Yn 2012 wie Soet de bêste tiidrydster by de nijelingen, ferline jier waard se twadde yn dy kategory.

By de nijelingen wie der in twadde plak foar Nicole Steigenga fan Eksmoarre. Allinne Claudia Jongerius fan Hoogerheide wie rapper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)