Goud foar shorttrackmanlju yn Salt Lake City

22 nov 2014 - 14:47
  • De Nederlânske shorttrackploech

De Nederlânske shorttrackmanlju mei dêryn Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma, hawwe it goud pakt by it Apolo Ohno shorttracktoernoai yn Salt Lake City. Yn in gefjocht mei Amearika, Sina en Kanada spile Knegt in haadrol. Mei noch sa'n acht rûntsjes te gean naam de rider út Bantegea de lieding. Troch in falpartij fan Kanada by de lêste wiksel pakte Knegt mei oermacht de winst.

Sjinkie Knegt pakte ek noch it sulver op de 500 meter. Yn it lêste rûntsje helle er de Kanadees Charles Hamelin yn. It goud wie foar Dajing Wu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)