Goud foar Rixt van der Horst

28 aug 2014 - 17:55
  • Rixt van der Horst

Hynsterydster Rixt van der Horst fan Grou hat tongersdei op it wrâldkampioenskip paradressuer in gouden medalje wûn. Dat kampioenskip wurdt yn Caen yn Frankryk hâlden. Rixt wie nei de oefening mei har hynder Uniek net seker fan har saak. It hynder wie ûnder de yndruk fan alles en dêrtroch makke it lytse flaters. Ek wie de spanning by harsels grut. Uteinlik wie har rit dochs goed foar in gouden plak. It is foar it earst dat it team fan Rixt, it Rabo Talinteteam, in wrâldtitel pakt by de senioaren.

Letter op de dei helle Rixt mei it Nederlânske paradressuerteam in sulveren medalje, nei Grut-Brittanje en foar Dútslân. De leden fan it team hawwe har dêrmei pleatst foar de Paralympyske Spelen yn 2016 yn Rio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)