Goud foar Renske van der Pijl

30 jul 2013 - 21:01
  • argyffoto

De 14-jierrige Renske van der Pijl fan De Rottefalle hat tiisdei goud wûn by de World Transplant Games yn it Súd-Afrikaanske Durban. Op de tiidrit oer 5 kilometer wie Renske de rapste. Hurdfytsen is net de iennige sport dêr't de Rottefalster by it toernoai yn aksje komt. Renske docht ek mei oan badminton en balgoaien. Woansdei stiet har earste badmintonwedstriid op it program. Swimmer John Wijers fan Drachten sil op dei fjouwer ek sjen litte wat er kin.

De World Transplant Games binne in soart fan Olympyske Spelen foar minsken mei in transplantearre orgaan. It toernoai duorret noch oant en mei 4 augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)