Goud foar ploege-achterfolgers yn Japan

15 nov 2014 - 10:30
  • Sven Kramer

De Nederlânske ploech mei Sven Kramer, Douwe de Vries en Wouter Olde Heuvel hat sneon by de ploege-achterfolging op de wrâldbekerwedstriden yn Japan goud helle. De Nederlanners bleaunen mei in tiid fan 3.43,68 Súd-Koreä (3.47,15) en Ruslân (3.48,22) foar. Douwe de Vries moast it plak ynnimme fan Koen Verweij, dy't him nei de 1000 meter net fit mear fielde.

De Nederlânske froulju hellen ek goud op de ploege-achterfolging. Marrit Leenstra, Ireen Wüst en Marije Joling bleaunen mei 3.02,57 Japan (3.04,78) en Dútslân (3.06,51) foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)