Goud foar Marit Bouwmeester

24 maaie 2014 - 14:21
  • Marit Bouwmeester wie út de skroeven nei de winst op de Iselmar
  • Bouwmeester ûnderweis mei de giele stip yn it seil

Marit Bouwmeester hat sneon by de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik in gouden medalje helle yn de Laser Radial-klasse. De sylster út Warten ferdigene yn de lêste race mei sukses har kopposysje. Se einige foar de Belgise Evi van Acker en de Japanse Manami Doi.

Roelof Bouwmeester waard yn de medaljerace yn de Laser sechsde. Yn de einstân waard er njoggende. In goed resultaat foar de siler dy't twa jier gjin wedstriid op wrâldnivo syld hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)