Goud foar Ireen Wüst

22 feb 2010 - 08:55

Ireen Wüst hat snein op it iis fan Richmond Olympic Oval it goud wûn op de 1500 meter. Nei in sterk lêste rûntsje kaam se út op 1.56,89. Alle konkurrintes bieten har stikken op dy tiid. Kristina Groves waard twadde yn 1.57,14, Martina Sablikova tredde yn 1.57,96. Foar Wüst wie it har twadde gouden medalje. Fjouwer jier lyn wûn se de 3000 meter yn Turijn.

Grouster Margot Boer helle it poadium krekt net. Boer waard fjirde yn 1.58,10.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)