Goud foar Hoekstra en Helmholt

21 aug 2012 - 21:59
  • Tom Hoekstra yn de pols

Tom Hoekstra by de jonges, Klaske Nauta by de froulju, Hans Ulco de Boer by de junioaren en Bart Helmholt by de senioaren waarden tiisdeitejûn de winners fan de Fryslân Cup fierljeppen yn Drylts. Foar Tom Hoekstra en Bart Helmholt wie de winst spesjaal, want dizze beide ljeppers waarden winner fan de Gouden Rige, in searje fan sân klassikers fan it Frysk Ljeppers Boun. Boppedat diene se dat yn har alderlêste sprong. Tom Hoekstra ljepte 16.96 meter, Bart Helmholt 19.56. Sneon wurdt it seizoen yn Drylts ôfsletten mei it Nederlânsk kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)