Goud foar Epke Zonderland

14 nov 2009 - 17:18
  • Goud foar Epke (argyffoto: Martin de Jong)

Turner Epke Zonderland hat sneon yn Stuttgart by de lêste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen de tastelfinale oan 'e rekstôk wûn. Zonderland kaam ta in skoare fan 15,675. Hy bleau dêrmei de Sinees Chenglong Zhang en de Kroaat Marije Moznik foar. Mei dizze oerwinning pakte hy ek de einoerwinning yn de wrâldbeker op syn favorite tastel.

Hy wûn net allinnich yn Stuttgart, mar ek de wrâldbekerwedstriden yn Maribor, Glasgow en Moskou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)