Goud foar Epke Zonderland

16 maaie 2009 - 22:08

Epke Zonderland hat sneon by de wrâldbekerwedstriden turnjen yn it Skotske Glasgow goud wûn oan it rek. Yn de finale helle hy 15,525 punten, dat wie in heal punt mear as yn de kwalifikaasje doe't er tredde waard. De Sloveen Aljaz Pegan, freed noch earste yn de kwalifikaasje, waard twadde mei 15,350. Op de brêge waard Zonderland achtste en lêste.

Epke Zonderland hat dit seizoen trije kear in finale oan it rek turne. Twa kear wie der goud, ien kear sulver.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)