Goud foar Epke Zonderland

14 des 2008 - 20:31
  • Epke Zonderland

Epke_Zonderland hat sneintejûn by de wrâldbekerfinale yn Madrid it ûnderdiel rekstôk wûn. Mei in skoare fan 16.175 liet er al syn konkurrinten fier achter him. De Austraaljer Philippe_Rizzo einige 0.350 punten achter de turner fan Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean as twadde. De Japanner Hiroyuki_Tomita waard tredde.

It wie foar Nederlân de tredde medalje. Yuri_van_Gelder wûn brûns oan de ringen, Jeffrey_Wammes pakte sulver op sprong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)