Goud foar Epke op rekstôk

25 mrt 2012 - 17:23

Epke Zonderland hat snein goud helle yn de finale op it ûnderdiel rekstôk by de Challenge Cup yn it Dútske Cottbus. Zonderland helle op syn favorite ûnderdiel in skoare fan 15,725 punten. De Amerikaan Paul Ruggeri kaam mei 15,525 it tichtst yn 'e buert fan Zonderland. It brûns wie foar syn lângenoat John Orozco, dy't útkaam op 15,375 punten.

Earder op de dei einige Epke as fjirde yn de finale op it ûnderdiel brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)