Goud foar Elma de Vries

03 jun 2011 - 23:00
  • Elma de Vries (foto: KNSB)

Elma de Vries hat har earste gouden medalje op it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen op de baan fan Heerde te pakken. Op de 10 km puntekoers wie de âld-Haulster fierwei de bêste. Bianca Roosenboom waard twadde, Manon Kamminga pakte it brûns. De Vries en Roosenboom pakten in rûntsje foarsprong op it peloton en koene sa moai de punten ferdiele.

Nei har trije gouden medaljes waard Manon Kamminga no tredde. Elma de Vries hie earder twa kear brûns wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)