Goud foar De Jong op 3000 m.

27 okt 2012 - 15:03
  • Antoinette de Jong

Hurdrydster Antoinette de Jong fan Rottum hat freed de 3000 meter wûn by de Iselcup. Yn Deventer kaam de rydster fan Jong Oranje yn in tiid fan 4.21.55 oer de streek. Dêrmei wie se krekt rapper as Elma de Vries. De âld-Haulster waard twadde yn 4.22.02. Brûns wie der foar Mariska Huisman (4.24.35).

Winst op de 500 meter sprint gong oertsjûgjend nei Anice Das fan Team Anker. Mei in tiid fan 39.75 sette de rydster fan It Hearrenfean in nij baanrekôr yn de boeken. Op de twadde 500 m wie der sulver foar Mayon Kuipers (40.60) fan It Hearrenfean.

By de manlju wie der op beide 500 meters in tredde plak foar Jesper Hospes fan team Beslist. Op de twadde 500 meter wie Sjoerd de Vries fan It Hearrenfean mei in tiid fan 36.25 de rapste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)