Goud foar Antoinette de Jong

Antoinette de Jong (awfoto)

Reedrydster Antoinette de Jong hat sneon by de wrâldbeker junioaren yn Collalbo it goud pakt op de 1000 meter. It talint (16) út Rottum wûn yn 1.19.97. Der wie mear Frysk sukses. Letitia de Jong út Feanwâlden pakte mei 1.20.15 it sulver. Reina Anema fan De Gordyk einige op it fiifde plak (1.21.99). Moniek Klijnstra út Sint Jânsgea klokte in tiid fan 1.22.97 en waard dêrmei achtste.

Earder al kamen de froulju fan it Nederlânsk junioareteam sneon yn aksje op de 500 meter. Dêr gong it goud nei de Eastenrykse Vanessa Bittner. Letitia de Jong waard knap twadde. Antoinette de Jong einige op it fjirde plak, flak foar Klijnstra. Anema waard njoggende.


Besjoch ek...

26 apr 2012 - 20:37
25 apr 2012 - 19:36
23 apr 2012 - 20:43
23 apr 2012 - 10:03
5 apr 2012 - 20:28

(advertinsje)

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.
Ja, foar mem en bern is in thúsbefalling it bêste
63%
Nee, it makket foar de poppe net út wêr't it berne wurdt
17%
Nee, om ûnnedige risiko's foar te kommen moat je yn it sikehûs befalle
21%
Totaal tal stimmen: 217

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.