Goud Epke op rekstôk

10 apr 2011 - 17:05
  • (argyffoto : Martin de Jong)

Epke Zonderland hat snein op it EK turnjen foldien oan de grutte ferwachtings troch Europeesk kampioen te wurden op de rekstôk. De oefening dy't Zonderland turne wie net sûnder fouten, mar mei troch in goede útgongswearde koe de Lemster syn konkurrinsje dochs foar bliuwe.

Zonderland liet de Cassina-Kolman kombinaasje op de rekstôk net sjen, en sadwaande wie it ûnwis wat de sjuery fan de oefening fûn. Earder snein helle Zonderland al sulver op de brêge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)