Gosse Wijnsma yn Dokkum fallyt

17 jan 2013 - 11:36

Leveransier fan keunststofkezinen Gosse Wijnsma yn Dokkum freget it fallisemint oan. It bedriuw sjocht gjin kâns bestean te bliuwen sjoen de krisis yn 'e bou. Mei help fan 'e bank is noch wol oan in takomstplan wurke, mar úteinlik hat bliken dien dat dy takomst der net is. Earder fierde it bedriuw al in reorganisaasje troch om bestean bliuwe te kinnen, doe krigen 40 fan de 60 meiwurkers dien. It bedriuw fan Wijnsma bestiet sûnt 1984.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)