Gosse van der Meer twadde yn Dútske fjildrit

19 jan 2015 - 07:01

Mountainbiker Gosse van der Meer fan Surhuzum is snein twadde wurden yn de fjildrit yn it Dútske Buchholz. Van der Meer gong as lêste fan start, mar wist yn rap tempo op te skowen nei de kop fan de koers. Troch twa kear maleur ûnderweis slagge de Surhúster der lykwols net yn de winst te pakken yn Dútslân. Dy gong nei de Dútser Max Lindenau.

Moandei waard bekend dat Van der Meer troch bûnscoach Johan Lammers selektearre is foar de wrâldbekerwedstriid fjildriden yn Hoogerheide. Dizze wedstriid wurdt ferriden op 25 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)