Gorter professor yn Baskelân

10 okt 2007 - 10:01
  • Durk Gorter wurdt professor yn Baskelân

Durk Gorter is mei yngong fan 2008 beneamd as ûndersyksheechlearaar oan de Universiteit fan Baskelân yn Donostia (San Sebastian). Gorter sil him Baskelân dwaande hâlde mei ynternasjonaal ferlykjend ûndersyk nei minderheidstalen yn it ûnderwiis.

Gorter bliuwt lid fan de advysried fan it Mercator Kennissintrum fan de Fryske Akademy, mar sil syn deistich wurk by de Akademy dellizze. Hy hat sûnt 1978 by de Akademy wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)