Gordykster rydt tsjin beam

26 jan 2012 - 10:14

In 27-jierrige ynwenster fan De Gordyk is woansdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding. Troch noch ûnbekende oarsaak ried se mei har auto op de Nanningawei by Easterwâlde tsjin in beam op.

Ambulânsemeiwurkers en plysjeminsken hawwe har út de auto helle. De frou is mei de sikeauto nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)