Gordykster oppakt yn Emmen

28 okt 2007 - 17:29

In ynwenner (22) fan de Gordyk is sneontemiddei oppakt yn Emmen. De man soe tegearre mei in ynwenner fan Emmen immen mei in pistoal bedrige hawwe op it parkearterrein fan de dieretún. De twa binne yntusken wer frij.

De warskôge plysje fûn by de twa in baltsjespistoal. Dat waard yn beslach naam en de twa krigen in proses-ferbaal. De Gordykster krige ek in proses-ferbaal omdat er drugs by him hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)