Gordykster deadlik ferûngelokke

24 jan 2005 - 14:01

In 84-jierrige man fan De Gordyk is sneintejûn omkommen by in slim ferkearsûngelok yn Drinte. De man ried yn de rjochting fan Smilde doe't er yn in sniebui op de ferkearde helte fan de dyk telâne kaam. Dêr botste er frontaal op in auto dy't him temjitte kaam. De bestjoerder fan dy auto rekke slim ferwûne.

De dyk N371 hat hast twa oeren ôfsluten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)