Gordykster bedriget barminsken

29 nov 2007 - 10:29

In man fan 42 út De Gordyk is yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn Drachten oanhâlden fanwege bedriging. De man hie yn in kafee spul krigen mei twa personielsleden. Hy bedrige de twa mei in fytsketting en woe de kassa meinimme. De Gordykster krige in klap.

De man is meinaam nei it buro. De twa personielsleden ha oanjefte dien fan bedriging, de fertochte sels fan mishanneling. De oanlieding foar de rúzje is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)