Google-priis nei Waskemar

30 aug 2008 - 11:39

De 27-jierrige Erik Wijngaard út Waskemar hat 187.000 euro wûn mei in priisfraach fan Google. Dat bedriuw is dwaande mei de ûntwikkeling fan in nij bestjoeringssysteem foar mobile telefoans. Wijngaard hat foar dy nije telefoan in softwareprogramma skreaun.

It programma mei de namme Picsay soarget der foar dat foto's dy't mei de telefoan makke wurde bewurke wurde kinne mei plaatsjes en tekst. Dêrnei kinne dy foto's op ynternet setten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)