Gong achter pealrotfergoeding

23 sep 2009 - 20:13

De provinsje komt eigners fan wenningen mei pealrot yn it Frysk feangebiet net gau genôch temjitte. Dat fynt de PvdA-Steatefraksje. Fan 't maaitiid gie it provinsjebestjoer akkoart mei in subsydzjeregeling.

Yn septimber soe der in plan lizze. Yn de Ychtenerfeanpolder ha 400 wenten lêst fan pealrot, neidat it wetterpeil dêr omleech set is. Foar nochris 3000 wenten yn it Lege Midden driigje deselde problemen. Bewenners ha lang prate moatte foar in fergoeding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)