Gondels wer troch Droegeham

18 sep 2014 - 18:32

Yn Droegeham meitsje se har klear foar alwer de 45e edysje fan de gondelfeart. Freed en sneon ride de gondels wer troch de strjitten fan it doarp. Yn totaal dogge der dit jier tsien weinen mei. Mei it moaie waar is de hope dat der besikersrekôrs brutsen wurde. De waarmte is noch wol in útdaging foar de bouwers. Troch de hege temperatueren krimpe de blommen mear as gewoan.

Hjirtroch is der kâns dat der gatten ûntsteane yn de ûntwerpen. Mar de measte teams hawwe hjir yn it foar op ynspile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)