Gondelfeart Aldeboarn fiert jubileum: 70e edysje

27 aug 2015 - 08:36

Yn Aldeboarn wurdt dit wykein foar de 70e kear de gondelfeart hâlden. It feest stiet tongersdei yn it teken fan it tema sirkus. Skoalbern krije les fan sirkus Salto. Dy docht ek de offisjele iepening fan it feest yn Aldeboarn. De gondelfeart sels is freedtejûn.

Yn it wykein steane der ûnder oaren noch in optreden fan in muzykkorps, in optreden fan Teake van der Meer, in buertkamp en in parody op it tv-programma De Slimste Mens op stapel. De gondelfeart lûkt alle jierren tûzenen besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)