Gomarus: reiskosten fergoedzje

18 sep 2012 - 20:52
  • Gomarus College Drachten

De kristlik-grifformearde skoallemienskip Gomarus, mei tsien festigings yn it Noarden, protestearret tsjin it ôfskaffen fan de reiskostefergoeding foar learlingen. Hyltyd mear gemeenten besunigje hjirop.

Weststellingwerf hat dat bygelyks dizze wike besletten. Alden dy't op grûn fan leauwen har bern nei in skoalle bûten de regio stjoere, krije de reiskosten dan net mear werom. It Gomaruskolleezje hat in protte learlingen fan bûten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)