Gomarus giet foar Stage Award

12 mrt 2009 - 17:39

It Gomarus Kolleezje út Drachten is as ienige skoalle út it Noarden nominearre foar de Maatskiplike Stage Award. De skoalle krige de nominaasje omdat alle rom 300 learlingen in maatskiplike staazje dien hawwe sûnt de skoalle oardel jier lyn begûn mei dit soarte fan staazjes.

De learlingen hawwe ûnder oaren wurke foar de Kringloopwinkel, de Voedselbank, gemeentebehear en Servotel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)