Golfklub Griene Stjer útwreide

21 sep 2003 - 00:00

Golfklub de Griene Stjer yn Ljouwert hat sneontemiddei in 18-holes golfbaan yn gebrûk naam. It golfkompleks is útwreide mei 9 holes en in oefenbaan fan 5 holes. De kosten bedrage 3 miljoen euro.

Ljouwert is nei Beetstersweach en Sint Nyk it tredde plak yn Fryslân mei in 18 holes baan. As fanatyk golfster iepene Annemarie Jorritsma oan de ein fan de middei de nije golfbaan. De hiele wike binne der noch feestlike aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)