Golfkarren MCL ride langer

03 apr 2008 - 19:18

De golfkarren dêr't yn sikehûs MCL yn Ljouwert besikers mei ferfierd wurde ride tenei ek jûns. Oant no ta binne de karren op wurkdagen allinne fan healwei njoggenen oant fiif oere beskikber, fan kommende moandei ôf wurdt dan oant healwei njoggenen.

It MCL wreidet de tiden út omdat besikers dêr om freechje. De golfkarren yn it MCL wurde bestjoerd troch frijwilligers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)