Golfe by de alvestêden del

07 des 2013 - 13:48
  • Alvestêdetocht op de golfbaan fan Pitch en Putt yn Ljouwert

By Pitch en Putt Golf yn Ljouwert wurdt dit wykein in alvestêdetocht hâlden. Dielnimmers kinne meidwaan oan in golftoernoai mei tolve holes. By elke hole stiet de namme fan ien fan de Fryske alve stêden. Sneon kinne amateurs meidwaan, snein dogge betûfte golfers mei. De opbringst fan it toernoai wurdt skonken oan de Serious Request-aksje fan radiostjoerder 3FM en it Reade Krús.

De organisaasje fan it golfevenemint ferwachtet op syn minst 2000 euro op te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)