Golf foar Foppe Fûns

09 sep 2013 - 12:30
  • Ruud van Nistelrooy docht ek mei

Tal fan pommeranten binne moandei te finen op de golfbaan fan Beetstersweach. Dêr golfe se foar it goede doel yn it 'Foppe Open 2013'. Doel is om jild by-elkoar te heljen foar it 100-rolstuolleprojekt fan it Foppe Fûns. De sportrolstuollen binne bedoeld foar bern mei in swiere handikap. De rolstuollen binne hiel djoer en foar de measte âlden net te beteljen.

Bekende sporters dy't meidogge binne Rintje Ritsma, Willem van Hanegem, Leo Beenhakker en Ruud van Nistelrooy.

Oare dielnimmende bekende Nederlanners en Friezen binne: Humberto Tan, Wilfred Genee, Hans Vonk, Bas van de Goor, Jan Smit, Pieter Cobelens, Jos Valentijn, Peter Blange, Robert Eenhoorn, Robbert Meeder, Jan de Visser, Hennie Ardesch, Elsemiek Havenga, Jan Mennega, Ronald de Boer, Gerald Sibon, Arnold Bruggink, Ruud Bossen, Gaston Sporre, Andries de Jong, Jan Posthuma, Gert Jan Verbeek, Ard Schenk, Riemer en Annie van der Velde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)