Goldwing-ynvaazje yn Fryslân

29 maaie 2004 - 00:00

Fryslân gûnzet dit wykein fan de swiere motoren. Want yn Burgum is it jierlikse Goldwing-treffen. Sa'n 2500 leafhawwers fan de lúkse Honda Goldwing binne dêr byinoar foar ien fan de grutste byienkomsten yn Europa fan dizze motor.

Yn Burgum binne minsken út 18 lannen. Faak mei it hiele gesin en sels mei optear-caravans achter de motor. Snein is der in tourtocht troch Fryslân. Dêr dogge achthûndert Goldwings oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)