Gokkasten en kassa leechhelle

06 apr 2008 - 13:12

By in ynbraak yn in hoarekagelegenheid yn Noardburgum binne gokkasten en de kassa leechhelle. De dieven kaam it gebou oan 'e Rykstrjitwei yn troch in kantelrút. De ynbraak wie yn 'e nacht fan freed op sneon.

Hoefolle jild de dieven krekt meinaam hawwe, is noch ûnbekend. De technyske resjerzje hat in spoarenûndersyk dien. In 48-jierrige Noardburgumer hat oanjefte dien fan 'e ynbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)